De ferlerne stim

Op it hichtepunt fan de ferkiezingskampanje stelde in him trochstrings net dom gedragende sjoernalist oan my, ek noch yn in live útstjoering, de folgjende fraach: ‘is in stim op in lytse partij net in ferlerne stim?’ Fansels ûntstried ik dat! As soe in abonnemint op de Leeuwarder Courant in effektive wize wêze om fia it âld papier je wykferiening te stypjen...

Yn gruttere fraksjes hearsket fraksjedissipline. Wurdfierders binne ôfhinklik fan wat de fraksje fynt. Skerpe kantsjes wurde fan stânpunten ôfhelle en wat as stânpunt nei foaren brocht wurdt, leit bleat foar machtsferhâldings binnen de fraksje. Gauris moatte minof mear útbalansearre stânpunten foarlêzen wurde yn ’e steategearkomste en foar debat is de romte beheind oant datjinge wat earder yn ’e fraksje bepraat is. Of moatst yn in posysje sitte datst dysels frijheden permittearje kinst en op it plak sels ynterrumpearje kinst en ynspylje op wat der op dat stuit bart. Der binne goeie útsûnderings op dit patroan.

Mei in stim op in lytse partij kinst wol degelik it ferskil meitsje. Net as it giet om it stimmen oer útstellen. Dan is elke stim likefolle wurdich. Mei 43 steateleden komt it net faak foar dat ien stim de trochslach jout. It ferskil makkest op oare mominten en op oare manieren.

As it giet om it meitsjen fan ‘statements’ en it kenber meitsjen fan stânpunten, as it giet om kleur bekenne en ergens foar gean, is in lytse partij dúdlik yn it foardiel. In stânpunt fan in ienmansfraksje foeget gauris mear ta as in sânde part fan in sânmansfraksje. Hielendal as partijen der in izeren fraksjedissipline op nei hâlde en fraksjeleden achte wurde ‘it stânpunt fan ’e fraksje’ te folgjen, of as leden fan fraksjes fan koalysjepartijen achte wurde it kolleezje te folgjen.

De ûnderstelling dat minsken dy’t op in partij stimme allegear itselde tinke oer ûnderwerpen dy’t oan ’e oarder binne, giet net op. It is dan ek net terjochte om der fan út te gean dat in keazen fraksje der in lyklûdich stânpunt op neihâldt.

Ut demokratysk eachpunt is in lytse partij foar de kiezer mear werkenber. Je kinne sjen wat de persoan dêr’t je op stimd ha, docht mei je stim en der is gjin sprake fan filtering fan stânpunten.

Foar in goed ynhâldlik polityk debat yn Provinsjale Steaten is it goed dat safolle mooglik mieningen en ynfalshoeken nei foaren brocht wurde. Mei in stim op in lytse partij ha kiezers de mooglikheid dêryn it ferskil te meitsjen. Harren stânpunt hat net te lijen fan filtering, lykas by in grutte fraksje, mar wurdt streekrjocht ynbrocht yn it debat dat oan de beslútfoarming foarôfgiet.

Dat in stim op in grutte partij krekt in ferlerne stim is, blykt mar al te faak ast sjochst dat de partij dêr’st bewust op stimd hast nei de ferkiezings in koalysje-akkoard slút mei in partij dêr’st neat fan ha moatst.

Dat wie dus in ferlerne stim!


Geschreven op 18. maart 2019 door Jan Waterlander

Heeft u een mooi verhaal? Stuur dan uw verhaal in voor ons gastblog; een podium voor iedereen! Een verhaal insturen kan via onze contactpagina en via ons e-mailadres; info@50plus.frl