By de bisten omt ôf!

Op myn fêste rûntsje lâns sympatisearjende merkkeaplju op ’e freedsmerk fan Ljouwert sprek ik, krekt by de fiskkarre, in 50PLUS-stimmer dy’t oer bisten begjint.

Hy folget de polityk, lêst de krante en harket en sjocht nei omrop Fryslân. ‘Hoe sit dat no,’ freget er. Oan syn toan fernim ik dat er wol dat ik stelling nim tsjin wat him dwers sit. ‘Ast otter bist, greidefûgel, of mûs, dan bist ûnderwerp fan gesprek. Libje wy yn it grutte bisteryk? Miljoenen wurde der útlutsen om bisten te beskermjen of, neigeraden de opfetting dêroer, krekt te bestriden, en ik dan? Ik wurd koarte op myn eigenbetelle pensjoen, de soarch rint hurd efterút, âlderen lykje de ôffiergoate fan ’e maatskippij te wurden. En wa makket him dêr drok om?’

Ik jou fansels oan hoe’t ik dêr tsjinoan sjoch en wat ik dêroan besykje te dwaan. Wat 50PLUS dêroan docht. Net dat wy ús net drok meitsje moatte om bistewolwêzen en oer de natuer. Dat is ek wichtich. Ek foar 50PLUS. Mar as it giet om de hieltyd grutter wurdende groep âlderen yn ús mienskip, moat ik tajaan dat 50PLUS it net allinnich kin. Dat der mear partijen noadich binne. Dat âlderenbelied wat is fan de lange azem en dat it grif wol better wurdt. Dat wy yn elts gefal ús bêst dêrfoar dogge en mear kâns fan slagjen ha as mear minsken op ús stimme en wy mear sitten hawwe. Dêrmei stel ik myn prater lykwols net gerêst.

‘It is by de bisten omt ôf,’ byt er my ta. ‘De polityk moat him skamje oer hoe’t se mei ús omgeane. Ik ha myn hiele libben hurd wurke, netsjes belesting betelle en meiholpen ús wolfeart ta stân te bringen, en dan...’

By de bisten omt ôf!


Geschreven op 26. februari 2019 door Jan Waterlander

Heeft u een mooi verhaal? Stuur dan uw verhaal in voor ons gastblog; een podium voor iedereen! Een verhaal insturen kan via onze contactpagina en via ons e-mailadres; info@50plus.frl