Provinsjale ynfloed op pensjoenen?

In soad 50PLUS-kiezers ha op 50PLUS stimd om’t se har soargen meitsje oer harren ynkommen. Se binne teloarsteld yn de oare politike partijen, dy’t gjin maatregels nimme om te befoarderjen dat âlderen krije wêr’t se rjocht op ha. ‘Pensjoenfûnsen beheare hûnderten miljarden euro’s en meitsje sawat 8% rendemint op myn jild. Wêrom wurdt myn pensjoen net yndeksearre?’ Noch altyd ferskine der ûnrêstich meitsjende berjochten oer it pensjoen en it pensjoenstelsel. ‘Ik ha al 15% ynlevere.’ Foaral âlderen mei in lyts, oanfoljend pensjoen ha gâns ynlevere. En dat net allinnich: in protte âlderen ha it gefoel der yn in soad opsichten oermjittich op efterút te gean. ‘Silst mar 55 wêze en sûnder wurk komme te sitten.’

Mar ek jongeren meitsje har soargen. De sosjale wissichheid is minder wurden, minsken moatte langer trochwurkje, de pensjoenopbou is leger en op it each binne der net de garânsjes dêr’t dochs wol op rekkene wie. Alden meitsje har soargen oer harren âlden en oer harren bern. Jongeren kinne sels noch reparearje en antisipearje op feroarjend belied. Alderen kinne dat net. Alderen dy’t op harren 16de oant it wurk gongen en altyd fulltime wurke ha oant harren pensjoen, wurde fergelike mei jongeren dy’t op harren 25ste oan it wurk geane en somtiden yn dieltiid mei in legere pensjoenopbou. De iene hat in hiele loopbaan foar him, de oare in hiele loopbaan efter him.

In soad minsken begripe it net. Ik bytiden ek net en neffens my de pensjoenfûnsen en it Kabinet en de Earste en Twadde Keamer ek net! As giet it oer hiel oare saken as oer de kiezers. Dêrom is it goed dat 50PLUS yn sawol de Twadde as de Earste Keamer fertsjintwurdige is (ynbring pensjoendebat). Het is blykber noadich om politykmaatskiplike fraachstikken benei te kommen út it perspektyf fan âlderen fan hjoed en de takomst wei.

Ut Provinsjale Steaten wei kinne wy gjin direkte ynfloed útoefenje op lanlike ynkommenspolityk. Wy kieze de Earste Keamer, dat wol! Wy ha goed kontakt mei ‘ús’ keamerleden.  Dan giet it fansels oer saken dêr’t de Twadde en Earste Keamer oer kedize, lykas pensjoenen en AOW. Mar ek by oare ûnderwerpen, lykas bygelyks altyd noch de posysje fan de regionale omrop. Omrop Fryslân dus! Wy folgje op ’e foet wat de fertsjintwurdigers fan 50PLUS dêr dogge. Dêr freegje se ek om en dat ferwachtsje se ek fan ús.

Ik fernim dat ús kiezers dat ek dogge. Ek dy folgje de polityk. De iene wat mear as de oare, mar ik fernim geregeld dat ús leden, ús kiezers en oaren goed op ’e hichte binne. As 50PLUS makkest yn dyn ientsje net alle ferskil, mar wy lizze wol de finger op ’e seare plakken. En ek dat sjogge in soad minsken. As fraksje yn Provinsjale Steaten geane wy net oer pensjoenen, mar we kinne wol yndirekt ynfloed útoefenje. Dat soenen ek de oare Steatefraksjes dwaan kinne. Ek harren partijen binne yn Den Haag fertsjinwurdige. Ik wol har oantrune dat te dwaan.

Der binne nochal wat ûnderwerpen oerhevele nei de gemeenten. Hast alle soarch, bygelyks. Ek dat hat ús omtinken en foar safier dêroer lanlik kediisd wurdt, sille wy ús ynfloed ynsette. Wy riede ús ta op it meidwaan oan gemeenteriedsferkiezings. Dat jout mooglikheden om ek fia gemeenterieden politike ynfloed út te oefenjen op bygelyks ‘de soarch’. Om dat dwaan bliuwe te kinnen, ha wy wol kiezers noadich. Kiezers foar wa’t wy opkomme kinne, moatte en sille. En leden. Leden dy’t ús stypje wolle en aktyf wêze wolle. Wy wolle net wachtsje oant der ferkiezings binne om dan kampanje te fieren. Wy wolle dat kiezers ek bûten ferkiezingstiid fan ús hearre en sjogge wat wy dogge.

Kiezers sprekke ús geregeld oan op wat wy dogge. Wat wy dogge yn Provinsjale Steaten, mar ek wat wy dogge yn de Twadde en Earste Keamer foar ‘ús pensjoen’. En sa heart it!


Geschreven op 27. januari 2019 door Jan Waterlander

Heeft u een mooi verhaal? Stuur dan uw verhaal in voor ons gastblog; een podium voor iedereen! Een verhaal insturen kan via onze contactpagina en via ons e-mailadres; info@50plus.frl