Gûchelje mei banesifers

Wat is der moaier as om as politike partij melde te kinnen dat troch dyn tadwaan it tal banen tanommen is. Hielendal ast wurkgelegenheid ta ynset fan dyn belied makke hast, wolst graach pronkje mei de resultaten. Dêr is neat mis mei, sa lang’t der mar suvere en betroubere ynformaasje brûkt wurdt. Mar ik sjoch geregeld parseberjochten, ek fan betroubere ynstellings as it CBS, dy’t moaier útlein wurde as dat se feitlik binne. Der wurdt gûchele mei sifers!

Sa wurde de oantallen minsken dy’t gebrûk meitsje fan in WW-útkearing oanhelle om de groei fan it tal banen te ferkundigjen. Unsin fansels en op syn minst in heale wierheid. Der binne oare faktoaren fan ynfloed. Fan ferskate kanten hear ik dat der minsken deasiik wurde fan it rezjym fan it UWV en harren soms, skjin dermei oan, útskriuwe litte om der mar ôf te wêzen. Ek as se gjin baan ha! Net mear banen dus, mar minder útkearing!

Ek ZZP’ers, dy’t wurkje moatte mei in folle leger ynkommen en minder oeren, beynfloedzje de sifers. Itselde jildt foar minsken dy’t fan in folsleine baan nei in dieltiidbaan geane.

Oft it tal minsken dat trochstreamt fan WW nei Bystân ek meitelt, bliuwt bûten beskôging.

Under it tal âlderen dat oant nei harren 65ste trochwurkje moat, is in groep dy’t dochs earder ophâldt en it mei in leger flekspensioen docht, om’t de kâns op wurk foar âlderen sa goed as nul is, of om’t se it wurk dat se hienen net mear dwaan kinne. De wurkleazens ûnder âlderen is grut en de ferburgen wurkleazens noch grutter. Hoesa langer trochwurkje, as der gjin wurk foar dy is?

Hoewol’t it hieltyd dreger wurdt oanspraak te meitsjen op de WAO, bliuwt ûndúdlik oft de wurkgelegenheidssifers hjirfoar korrizjearre binne.

Bewearingen as: ‘wurkeleazens nimt ôf’, of: ‘tal banen nimt ta’, kinne dus wol wat nuânse brûke. Der komme net allinnich bûtenlanners yn Nederlân te wurkjen, mar der wurkje ek in soad Nederlanners yn it bûtenlân. Oft studinten langer of koarter oer harren stúdzje dogge, beynfloedet de sifers oer wurkgelegenheid. Ek al it wurk dat dien wurdt troch skoalbern en studinten, neist harren oplieding. En wat te tinken fan mantelsoarch of frijwilligerswurk, wylst dat ek foarkomt as betelle, regulier wurk? Fan de soarchsektor is bekend, dat der in soad banen ferdwine sille, mar it wurk net. Sa ûntstiet in enoarm griis sirkwy, dat net yn byld komt by de mjittings dy’t dien wurde.

De fergrizing hat as gefolch dat de kommende jierren in soad minsken de arbeidsmerk ferlitte. Fan in grutte ynstelling hearde ik dat de kommende tsien jier 80% fan it personiel útstreamt fanwege de leeftyd en it dreech wurde sil alle plakken wer te besetten.

Sûnder te gûcheljen noch in pear sifers: fan de 64-jierrigen hat 85% gjin baan; it tal WW-útkearings in 2018 war 10.582 , 1.323 langer dan 2 jaar, 1.299 ouder dan 50; Yn it Noarden ferdwine 5.000 banen yn ’e soarch.

Wurkgelegenheid is al jierren ynset fan polityk belied. De iene partij makket him der drokker om as de oare. Gjin inkele politike partij is der grutsk op te melden dat der in soad jild útjûn wurdt oan befoardering fan wurkgelegenheid sûnder dat it oantoanber resultaat hat. Je dogge je bêst, dogge ferkiezingsbeloften en wolle dat graach fersulverje. Lit ik earlik wêze, oarsom komt it ek foar: gûchelje mei sifers om tekoartsjittend belied oan te toanen.

It hat der alles fan dat der gûchele wurdt. Gûchele mei sifers om de werklikheid te ferkleurjen! En dit oer de rêch fan al dy minsken dy’t wurkje wolle en kinne en, nettsjinsteande de sifers, net oan it wurk komme.

Wurk meitsje fan wurk is wat oars as earst mei in antwurd komme en dan in som betinke... Sa kin elk him ryk rekkenje.

 


Geschreven op 23. januari 2019 door Jan Waterlander

Heeft u een mooi verhaal? Stuur dan uw verhaal in voor ons gastblog; een podium voor iedereen! Een verhaal insturen kan via onze contactpagina en via ons e-mailadres; info@50plus.frl