Werkenbere folksfertsjintwurdigers?

Om ris oer nei te tinken wat ynformaasje oer ferkiezings en folksfertsjintwurdiging.

Kiezers stimme net allinnich op in partij, mar ek op persoanen. Dêrom ha partijen meastentiids ek in lange kandidatelist. Ek de listlûkers profilearje harren yn ferkiezingstiid neidruklik as dé persoan dy’t de kiezer fertsjintwurdigje wol. Sjoch mar nei de debatten, posters, flyers en uterings yn ’e media, wêryn’t it neidruklik werkenbere persoanen binne, dy’t út namme fan harren partij de kiezers besykje te bewegen op harren te stimmen.

Steateleden wurde keazen, deputearren net. Sa gau as sy deputearre binne, ferlitte se de politike arena om as bestjoerder oan it wurk te gean. Unterjochte wurde deputearren noch gauris yn ferbân brocht mei harren partij. Sûnt de ynfiering fan it dualisme binne se gjin partijfertsjintwurdiger mear, mar fertsjintwurdiger fan de Steaten: fan alle partijen dus. Se wurde, hoewol op foardracht fan de koalysjepartijen, beneamd troch alle steateleden.

Mei de beneaming fan deputearren fan it CDA, de FNP en de VVD ‘ferdwûnen’ krekt nei de ferkiezings de hast 80.000 op harren útbrochte stimmen út Provinsjale Steaten. Allinnich de keazen SP’ers bliuwden wêr’t se foar keazen wienen: folksfertsjintwurdiger. Noch yn it jier fan de ferkiezings ferlieten twa PvdA-promininten de Steaten, lykas ek de listlûker fan de ChristenUnie. Hoewol’t se dêr begryplike omstannichheden foar hienen, is it sneu foar al dy kiezers dy’t op harren stimd ha. Dizze trije folksfertsjintwurdigers wienen goed foar nochris royaal 50.000 stimmen.

Dêrmei makke sawat de helte(!) fan it tal stimmen, yn maart 2015 útbrocht op in persoan, yn desimber fan dat jier al gjin diel mear út fan de folksfertsjintwurdiging. In soartgelike ûntwikkeling út it perspektyf fan ’e kiezer wei!

De opkomst by ferkiezings is goed 50%. Fan de útbrochte stimmen, hast 265.000, binne noch gjin 90.000 útbrocht op in steatelid dat ein desimber 2015 noch diel útmakke fan Provinsjale Steaten. Sa’n 20% fan ’e stimmen is útbrocht op in kandidaat dy’t wol op ’e list stie, mar net keazen is.

Mooglik rekkenje ik min, mar neffens my ha de 43 steateleden dan 17% fan it tal minsken mei stimrjocht as persoan binnenhelle. Koprinners binne, yn folchoarder, de listlûkers fan SP, PVV, 50PLUS en PvdD.

Kiezers dy’t op harren stimd ha, witte harren persoanlik fertsjintwurdige yn ’e Steaten. Harren stim is persoanlik werkenber yn Provinsjale Steaten. Dit betsjut ek dat net mear as ien op de seis minsken mei stimrjocht yn Fryslân op in persoan stimd hat dy’t ek echt in sit hat yn ’e Steaten. En dat fiif fan de seis óf net stimd ha, óf binnen njoggen moanne neitiid net mear fertsjintwurdige wurde troch de persoan op wa’t se harren stim útbrocht ha.

Sa soest oerweage kinne om tenei allinnich op partijen te stimmen en net op kandidaten. Neffens guon minsken bart dat dochs al, stimme op partijen en net op persoanen. Partijen dy’t dan sels útmeitsje wa’t se nei foaren skowe as fertsjintwurdiger. Ik soe der net foar wêze.

Sjoen nei de oerienkomsten tusken partijen en hoe’t koalysjes smeid wurde, soest ek ferdigenje kinne datst net op partijen stimst, mar krekt op persoanen. Persoanen oan wa’st dyn stim tabetroust en op wa ast rekkenje kinst. It is mar hoe’st it besjochst.

 


Geschreven op 22. januari 2019 door Jan Waterlander

Heeft u een mooi verhaal? Stuur dan uw verhaal in voor ons gastblog; een podium voor iedereen! Een verhaal insturen kan via onze contactpagina en via ons e-mailadres; info@50plus.frl