Digitalisearring slút in protte âlderen út!

In protte âlderen besykje de digitalisearring by te hâlden. In protte slagget dat net, wêrtroch’t se op hieltyd gruttere efterstân komme te stean. 50PLUS Fryslân is foar in ûndersyk nei letterswakkens yn de provinsje, mar fynt de digitalisearring eins in folle grutter probleem.

Hoe faak moast ik ‘gewoane dingen’ fan myn âlden oernimme om’t sy foar dy ‘gewoane dingen’ mei in kompjûter omgean kinne moasten. Banken, fersekerings, nutsbedriuwen, de Belestingtsjinst, en yn tanimmende mjitte ek de oerheid, soargje derfoar dat men bytiden net mear by steat is needsaaklike dingen te regeljen om’t der kompjûterfeardigens ferwachte wurdt, mar men dat net hat.

Us heit wie it wend om mei in oerskriuwformulier nei de bank te gean. Mar dy bank hat al lang gjin kantoar mear op it doarp. Ek de jildautomaat is yntiid ferdwûn. Ast al yn ’e gelegenheid bist om te skiljen, moatst meast digitaal reagearje, neidatst earst in ‘keuzemenu’ trochwest hast en allerhanne registraasjenûmers en koades by de hân hast. Ek ik moat geregeldwei alle war dwaan om ‘der trochhinne te kommen’.

Fan âlderein wurdt ferwachte dat se langer selsstannich wenje en langer de rezjy hâlde oer harren eigen libben. Mar hoe dochst dat ast dyn pinkoade net mear ûnthâlde kinst?

It is net allinnich in probleem fan âlderen. Ek in soad minsken dy’t harsels net ta de âlderein rekkenje, rinne tsjin beheinings oan troch digitalisearring fan it maatskiplik ferkear. Ik ken genôch selsredsume minsken dy’t net mei de trein gean, om’t it regeljen fan in treinkaartsje in te hege drompel foar harren is. De ferwachting is dat de digitale ûntjouwings hurder gean sille en de ôfstân yn it maatskiplik ferkear grutter wurde sil.

Ik wit fan âlderen dat se belutsen bliuwe wolle by de polityk. In soad is streekrjocht te folgjen fia ‘live streaming’. Live stream? De provinsje is om begryplike redenen hast folslein it digitale tiidrek ynstapt. Ast de provinsjale polityk folgje wolst, of der aktyf oan meidwaan wolst, moatst wol mei in kompjûter oerwei kinne. Kinst dat net? Tsja, dan kinst net meidwaan...

It is fan grut belang omtinken te jaan oan letterswakkens. Minsken dy’t om hokfoar reden dan ek net goed lêze of skriuwe kinne, ha rjocht op ekstra omtinken. Mar de groep minsken dy’t troch de digitalisearring op efterstân set wurde, is folle grutter en dêr wurdt meastentiids oan foarbygongen! Dat dizze minsken har dêrtroch ûnnoadich ûnwis, ôfhinklik en kwetsber fiele, is net allinnich harren probleem. It moat in probleem fan ús allegear wêze.

Somtiden hear ik dat knipepunten hjiryn inkeld tydlik binne: ‘It groeit der fansels út.’

Ik bestriid dat. Digibetisme is fan alle tiden, en seker mei it provinsjale tema ‘Mei elkenien, foar elkenien’ freget dit ús bliuwende omtinken!

Jan Waterlander, fractievoorzitter 50PLUS Fryslân

 

N.B. Uit een onderzoek van het KBO blijkt dat zelfs ouderen met internet grote problemen verwachten. Bijna driekwart (72%) van de digivaardige senioren verwacht moeite om de internetontwikkelingen bij te benen of heeft dat nu al. Als diensten alleen nog maar via internet en e-mail aangeboden worden komt 47% van de digivaardige senioren in de problemen. Dit komt bovenop de 1,2 miljoen senioren die nog helemaal geen gebruik van internet maken!

 


Geschreven op 21. januari 2019 door Jan Waterlander

Heeft u een mooi verhaal? Stuur dan uw verhaal in voor ons gastblog; een podium voor iedereen! Een verhaal insturen kan via onze contactpagina en via ons e-mailadres; info@50plus.frl