Ald en nij

Ald en nij bliuwt foar my altyd in momint fan besinning. In momint fan weromsjen en foarútsjen. Ik ha dat twa kear yn ’t jier. It ‘âld en nij’ lykas elkenien dat hat by de jierwiksel en ‘myn âld en nij’ as ik jierdei bin. Yn beide gefallen is der wer in jier foarby en begjint der in nij jier. Elk nij jier oertink ik nije foarnimmens en by elke jierwiksel sjoch ik werom.

Neffens my dogge in hiel soad minsken dat. Je ha net foar neat de gewoante elkoar gelok ta te winskjen. Folle lok en seine! Mei de bertedei wurde je lokwinske. In nij jier, nije kânsen! Beide jierwiksels ha wat fan refleksje en evaluaasje yn har en mei beide jierwiksels nimme je je foar om der wer it bêste, wat betters, fan te meitsjen. Sa giet soks. Sa belibje wy dat.

Der komme oertinkings foarby mei hichtepunten en djiptepunten. Famylje en freonen hast om dy hinne en mei har fierst it nije jier. Dyn jierwiksel is in momint fan oantinkens. Tinkst oan har dy’t der net mear binne.

Wy ferjitte dat mei elke dei net allinnich in nije dei, in nije wike en moanne, mar mei elke dei in nij jier begjint. Yn dat ljocht past it om net ien of twa kear jiers ‘âld en nij’ te fieren, mar alle dagen.

In soad kinne ek net oars. Slim siken, flechtlingen, minsken op hegere leeftyd, minsken ûnder de earmoedegrins en dak- en thúsleazen. Sy moatte wol alle dagen fiere, hoewol, ‘fiere’? Se libje gauris by de dei en wolle leafst dat net allinnich elk nij jier better wurdt as it foarige, mar dat elke dei better wurdt, of yn elk gefal net minder.

Der binne genôch gefallen wêryn’t je tsjin better witten yn minsken in lokkich nijjier winskje, wylst harren hoarizon net sa fier rikt. Ik lit ferskate foarbylden dêrfan út myn neiste omjouwing yn myn tinzen foarby gean. Ek minsken dy’t ik net ken, yn sitewaasjes dêr’t ik my fan yntinke kin dat in jier te fier foarút is. Ik tink oan de minsken foar wa’t in lokkich nijjier in lúkse is en de waan fan ’e dei de realiteit.

Yn dy gefallen is it better om elkoar in lokkige nije dei te winskjen. Alle dagen.

Lit dat dan myn goeie foarnimmen wêze foar dit nije jier.

Noflike dei.


Geschreven op 01. januari 2019 door Jan Waterlander

Heeft u een mooi verhaal? Stuur dan uw verhaal in voor ons gastblog; een podium voor iedereen! Een verhaal insturen kan via onze contactpagina en via ons e-mailadres; info@50plus.frl