Spultsje dwaan?

Yn oare tiden wie der miskien minder fertier op’e telefyzje en koe de muzyk ek wol oan by it dwaan fan in spultsje. Lang lykjende winterjûnen wiene in stik koarter op dizze wize. Mar it wie mear! Mei âlderein ha ik it der noch al gauris oer. Ek mei minsken dy’t al oer stapt binne nei hjoeddeistige spultsjes.

Myn foarâlden en âlders learden ús dy spultsjes, en wat wiene we der grutsk op as bern om "grutte minske spultsjes" mei te dwaan en dan ek al gau wat letter op bêd te kinnen. Wat wiene we der grutsk op as wy it winne koene fan hun.

Mar dêr gie it net om.

Nee, wy diene it mei inoar. It wie smûk en hearde derby.

Ik haw no ek wat spultsjes stean, mar it komt der net mear fan. It is faaks te modern en yngewikkeld en de jongerein dûke in hun kompjûter, telefoan of laptop en spylje hun spultsje mei immen oan de oare kant fan de wrâld. Hun games haw de meast frjemde nammen. Spulregels ûntdekke se troch te dwaan en se fleane fan "level nei level". Ek âlderen slagje der wol in om kompjûterspultsjes te dwaan. Sommige kinne jo allinnich dwaan en dan spylje jo tsjin de kompjûter. Kear op kear kinne jo jo ferbetterje en dêr hawwe jo nimmen by nedich.

De spultsjes kultuer is feroare. Mar hoe sit dat mei de behoefte dy wy hiene oan it dwaan fan spultsjes? Is dy ferdwûn?

Untwikkelingen mei kompjûters geane flugger dan dat minsken âlder wurde. Alderen leare bern en bernsbern net mear sa gau hun spultsjes en âlderen leare ek net de "games" fan hun bern en bernsbern.

Ik hear noch faak ferhalen oer knikkerje, tipelje, sels in draak meitsje of hinkelje. Of it no op simmerjûn bûten wie of op winterjûn rûn de tafel: der siet wat oerdrachtliks yn, we diene dat mei inoar en it wie smûk.

Ik sis dan tsjin minsken dat de tiden feroare binne en dat it net mear sa wurket. "Mar fine jo dat goed?" hear ik dan.

Earlik sein wit ik dat ek net. Ik sjoch it wol en ik betink dat it âlder wurden fan minsken mear is dan leeftiid. In soad âldere minsken, en skrik net, soms begjint dat hearder dan jo tinke, fielt him ynhelle oer de flechtstreek. De wedstriid fan de scootmobiel tsjin de auto, dy ek noch ris kilometers foarsprong kriget. Dat ferlieze jo foar dat it spul begûn is.

Feroaringen fierder fan hús, mar ek feroaringen yn’e stêd, it doarp, op it platte lân en ja wis ek in de húskeamer en run de tafel.

"It wurd nea wer sa as it wie en dat is ek wol goed" sei in frou tsjin my. "Mar wat misse jo dan?" sei ik. "Spultsjes" sei se. Spultsjes!

Doe tocht ik: "Hoe kinne jo no dat gefoel fan earder oerbringe nei de hjoeddeistige wrâld?"

Dat is no krekt dêr’t om spilet in’e polityk foar wat âlderen oanbelanget: hoe kinne jo de hjoeddeistige en takomstige wrâld sa meitsje, dat dy wrâld trochontwikkelt en dochs dat plak jout oan âlderen wêrop se rjocht ha en wêryn se harren thús fiele. Hjoeddeistige âlderen en takomstige âlderen.

Troch die bril besjocht 50PLUS ek polityk maatskiplike fraachstikken. En dat is mear dan "in spultsje dwaan?".

 

 


Geschreven op 24. maart 2016 door Jan Waterlander

Heeft u een mooi verhaal? Stuur dan uw verhaal in voor ons gastblog; een podium voor iedereen! Een verhaal insturen kan via onze contactpagina en via ons e-mailadres; info@50plus.frl