Aaisykje en emoasje

Yn ‘e ôfrûne jierren stekt de diskusje oer it aaisykjen hieltyd op ‘e nij de kop op. Foar of tsjin? Emoasje of feiten? Op 24 febrewaris sil yn Provinsjale Steaten diskusjeard wurde oer wol of net aaisykje. Giet it ek dan wer oer “foar of tsjin”, oer “emoasje of feiten”?

De steatefraksje fan it CDA tinkt dat it de diskusje oer it aaisykjen gjin goed docht as elk him ferskûlet yn syn eigen mangat. Foar- en tsjinstanders fan aaisykjen moatte meiinoar yn petear, in iepen petear, oer de greidefûgels en net allinne oer “foar of tsjin” aaisykjen. It moat ek gean oer it beskermjen fan nêsten, oer neisoarch en oer it oerbringen fan kennis fan it fjild.

Greidefûgels hawwe der net altyd west yn dizze omkriten, mar sûnt tsientallen jierren binne se net mear fuort te tinken út Fryslân. De provinsje Fryslân docht der it noadige oan om se hjir ek te hâlden en dat stypje wy as CDA fraksje.

Yn Fryslân hawwe wy in grut tal minsken dy’t net allinne aaisykje (en in tal aaien meinimme yn’e betide maaitiid), mar ek oan nêstbeskerming dogge – de saneamde neisoargers. It binne minsken dy’t hâlde fan it fjild en fan’e greidefûgels. Dy leafde foar it fjild en alles wat dêr tahâldt bringe sy oer op de jongere generaasjes. It is fan grut belang dat dy oerdracht fan kennis fan en leafde foar it fjild trochgiet. De neisoargers binne ek hiel wichtich foar de boeren, dy’t rekkening hâlde moatte mei de nêsten as sy mei har ark it fjild yn geane. Wêr lizze de nêsten en hoe kinne sy derfoar soargje dat de fûgels de bêste kânsen hawwe om yn alle rêst har aaien út te brieden? En hoe kin men derfoar soargje dat de jonge fûgeltsjes beskutting fine yn it fjild? Oerlis hjiroer tusken neisoargers en boeren binne hiel weardefol en jout goede risseltaten. Der binne konkrete oanwizings dat in (grut) tal neisoargers dermei ophâlde sil as it neat wurde kin mei it aaisykjen. En dat soe dochs ôfgryslik spitich wêze!!  

Earst in tal feiten oer it meinimmen fan aaien fan greidefûgels. Der is in hiele soad ûndersyk dien nei faktoaren dy’t fan ynfloed binne op ‘e stân fan de greidefûgels. Hat it meinimmen fan in beheind tal aaien yn ‘e betide maaitiid effekt op de greidefûgelstân? Út ûndersyk blykt dat dat eins neat útmakket. Aaisykje is allinne tastien yn de earste twa, heechút trije wike fan ‘e maaitiid, as de fûgels krekt beginne te lizzen. It is dan meastentiids te kâld as de aaien útkomme, in soad pykjes sille dan net oerlibje kinne. De fûgels lizze net opnij as it earste nêst útkommen is. Geane de pykjes dea, dan komt der dat jier dus gjin neiteam. As de earste aaien meinaam wurde, leit de fûgel wol opnij. Dy komme krekt eefkes letter út, it is dan meastentiids wat oangenamer waar en dat jout in gruttere kâns op oerlibjen.  

Hiel faak wurdt der nei de boeren wiisd as it giet om it weromrinnen fan it tal greidefûgels. Sy hawwe yndie in wichtige rol yn it gehiel. Mei troch de wichtige rol fan de neisoargers, nimme boeren hieltyd mear maatregels dy’t de greidefûgels skewiele. Wy sjogge hieltyd mear puozzen yn it boerelân wêr’t fûgels iten fine kinne. In algemiene ûntwikkeling is dat der hieltyd mear oandacht is foar de boaiem en foar gêrs – dat biedt ek mooglikheden foar de fûgels. De metoades om sa te meanen dat nêsten en fûgels sa min mooglik fersteurd wurde, wurde hieltyd better, mei troch de ynset fan neisoargers. Sa ûntstiet yn it boerelân dus in hieltyd geunstiger omjouwing foar de greidefûgels.

Ûndersyk hat oantoand dat in grut tal aaien en jonge fûgels opiten wurdt troch alderhande rôfbisten. It tal rôfbisten (foksen, rôffûgels ensafh.) nimt noch hieltyd ta en dêrmei sil it tal aaien en piken dat opiten wurdt ek tanimme. Ûndersyk nei it tal greidefûgels op natuerlân hat útwiisd dat der hieltyd minder greidefûgels sitte omdat it tal guozzen tanimt. Troch it grutte tal guozzen feroaret de fegetaasje en ha greidefûgels dêr neat mear te sykjen. It lânskip ferrûget hieltyd mear en wurdt dêrmei hieltyd minder oantreklik foar greidefûgels. De greidefûgels sitte graach yn it iepen fjild – as it fjild minder iepen wurdt, nimt it tal greidefûgels automatysk ôf. De effekten fan dit soarte fan ûntwikkelingen op’e stân fan de greidefûgels binne grut en fertsjinje mei klam ús omtinken!  

Emoasje of feiten? De feiten binne foar it CDA dúdlik: meinimme fan in beheind tal aaien yn’e betide maaitiid hat eins gjin effekt op it tal jonge fûgels dat útbred wurdt. Der binne tal fan oare omstannichheden dy’t wol in negatyf effekt hawwe op ‘e stân fan de greidefûgels. It CDA kiest dan ek foar de feiten en net foar de emoasje! Wy stelle belang yn it krewearjen fan ús neisoargers en de wichtige taak dy’t sy oppakke yn it fjild. Emoasje bringt ús net fierder, neisoargers dogge dat wol en dêrom is it CDA der gjin foarstander fan om it aaisykjen te ferbieden.  

De CDA fraksje nûget út om ôf te gean op de feiten en fierder te ûndersykjen at it aaisykjen op beheinde skaal en yn in beheind skofte tiid yn 'e iere maaitiid echt in negatyf effekt hat op it tal greidefûgels yn Fryslân.  

Wy begripe dat it kolleezje fan Deputearre Steaten gjin fergunning ôfjaan koe, omdat in útspraak fan de Steatsrie dat net tastiet. Dy útspraak giet lykwols foarby oan de feiten lykas hjir boppe beneamd. It CDA stekt leaver  yn op bygelyks it behear fan rôfbisten. Dat soe echt in boppeslach wêze foar de stân fan de greidefûgels.

Emoasje bringt ús net fierder, echte maatregels wol!

  


Geschreven op 29. januari 2016 door Gastblog

Heeft u een mooi verhaal? Stuur dan uw verhaal in voor ons gastblog; een podium voor iedereen! Een verhaal insturen kan via onze contactpagina en via ons e-mailadres; info@50plus.frl