De ferlerne stim

18. maart 2019, door Jan Waterlander

Foar in goed ynhâldlik polityk debat yn Provinsjale Steaten is it goed dat safolle mooglik mieningen en ynfalshoeken nei foaren brocht wurde. Mei in stim op in lytse partij ha kiezers de mooglikheid dêryn it ferskil te meitsjen!

Met elkaar, voor elkaar

15. maart 2019, door Jan Waterlander

Niet alleen in verkiezingstijd vraag ik me af of we alle uitdagingen doeltreffend kunnen aanpakken. Zijn we wel in staat oplossingen te realiseren? En zo ja, kan dat dan op de manier die we gewend zijn? Ik blijf optimistisch, maar heb ook mijn twijfels.

By de bisten omt ôf!

26. februari 2019, door Jan Waterlander

‘It is by de bisten omt ôf,’ byt er my ta. ‘De polityk moat him skamje oer hoe’t se mei ús omgeane. Ik ha myn hiele libben hurd wurke, netsjes belesting betelle en meiholpen ús wolfeart ta stân te bringen, en dan...’

Gûchelje mei banesifers

23. januari 2019, door Jan Waterlander

It hat der alles fan dat der gûchele wurdt. Gûchele mei sifers om de werklikheid te ferkleurjen! En dit oer de rêch fan al dy minsken dy’t wurkje wolle en kinne en, nettsjinsteande de sifers, net oan it wurk komme.

Wurk meitsje fan wurk is wat oars as earst mei in antwurd komme en dan in som betinke... Sa kin elk him ryk rekkenje.

Werkenbere folksfertsjintwurdigers?

22. januari 2019, door Jan Waterlander

De opkomst by ferkiezings is goed 50%. Fan de útbrochte stimmen, hast 265.000, binne noch gjin 90.000 útbrocht op in steatelid dat ein desimber 2015 noch diel útmakke fan Provinsjale Steaten. Sa’n 20% fan ’e stimmen is útbrocht op in kandidaat dy’t wol op ’e list stie, mar net keazen is.

Mooglik rekkenje ik min, mar neffens my ha de 43 steateleden dan 17% fan it tal minsken mei stimrjocht as persoan binnenhelle. Koprinners binne, yn folchoarder, de listlûkers fan SP, PVV, 50PLUS en PvdD.