Theun Wiersma kiest voor FNP

Foto Marchje Andringa - Friesch Dagblad

Theun Wiersma, de foaroanman fan 50PLUS yn Fryslân, makket de oerstap nei de FNP. Wiersma sit op dit stuit as ienmansfraksje yn de Fryske Steaten. Hy sil syn steatelidmaatskip foar 50PLUS dizze perioade dien meitsje, mar stelt him yn 2023 net op ‘en nij ferkiesber. Moandeitejûn hat Wiersma dit kenber makke by 50PLUS.

Wiersma: ‘De maatskippij feroaret en dêrmei de hjoeddeistige fraachstikken ek. Ik haw sûnt goed in jier op syk west hokker partij ik my op dit stuit better by thús fiel en hokker programma my oansprekt. Dat is de FNP en noch foar de gemeenteriedsferkiezingen bin ik lid wurden. In partij mei hert foar Fryslân en it gea. Ik bin in Fries, hikke en tein yn dizze moaie provinsje, en mei myn eftergrûn by it Fryske Gea fiel ik my dêr bot mei ferbûn.’

Fraksjefoarsitter Sijbe Knol fan de FNP yn Provinsjale Steaten is wiis mei de komst fan Wiersma: ‘As ienpitter yn de Steaten is Theun altyd oanwêzich yn it debat. Wy seagen al in skoft dat Wiersma mei syn opfettingen ticht by ús stiet.’

Oant de ferkiezingen fan maart 2023 bliuwe beide fraksjes apart fan inoar bestean yn de Steaten fan Fryslân. Wiersma: ‘It mandaat en lûd fan de 50PLUS-kiezer bliuw ik útdragen oant maart oar jier. Dat docht ek rjocht oan de kiezers dy’t yn 2019 op my stimd hawwe.’

Knol: ‘De gearwurking sil fansels noch yntinsiver wurde, mar dy wie ek al hiel goed. De lêste moannen seagen wy mear en mear minsken lid fan de FNP wurden, ek by oare partijen wei. Dêr binne wy wiis mei. Foar de kommende provinsjale ferkiezingen yn maart 2023 is Wiersma mooglik ek in gadingmakker foar in plakje op de FNP-list. Mar dêroer sille de leden beslute, krekt sa’t dat foar alle kandidaten it gefal is.’

Nederlands

Theun Wiersma, fractieleider voor 50PLUS in Provinciale Staten van Fryslân, maakt de overstap naar de FNP. Wiersma zit op dit moment als eenmansfractie in de Friese Staten. Hij zal zijn statenlidmaatschap voor 50PLUS deze periode afmaken, maar stelt zich in 2023 niet opnieuw verkiesbaar. Maandagavond heeft Wiersma dit kenbaar gemaakt bij 50PLUS.

Wiersma: ‘De maatschappij verandert en daarmee ook de huidige vraagstukken. Ik ben sinds ruim een jaar op zoek geweest naar bij welke partij ik mij beter thuis bij voel en welk programma mij aanspreekt. Dat is de FNP en nog voor de gemeenteraadsverkiezingen ben ik lid geworden. Een partij met hart voor Fryslân en het landschap. Ik ben een Fries, geboren en getogen in deze mooie provincie, en met mijn achtergrond bij It Fryske Gea voel ik me er sterk mee verbonden.’

Fractievoorzitter Sijbe Knol van de FNP in Provinciale Staten is blij met de komst van Wiersma: ‘Als eenpitter in de Staten is Theun altijd aanwezig in het debat. Wij zagen al een tijdje dat Wiersma met zijn opvattingen dicht bij ons staat.‘

Tot de verkiezingen van maart 2023 blijven beide fracties apart van elkaar bestaan in de Staten van Fryslân. Wiersma: ‘Het mandaat en geluid van de 50PLUS-kiezer blijf ik uitdragen tot maart volgend jaar. Dat doet recht aan de kiezers die in 2019 op mij hebben gestemd.’

Knol: ‘De samenwerking zal vanzelfsprekend nog intensiever worden, maar die was ook al heel goed. De laatste maanden zagen we meer en meer mensen lid worden van de FNP, ook bij andere partijen vandaan. Daar zijn we blij mee. Voor de komende provinciale verkiezingen van maart 2023 is Wiersma mogelijk ook een kanshebber voor een plekje op de FNP-lijst. Maar daarover zullen de leden moeten beslissen, net zoals dat voor alle kandidaten het geval is.’