Robots yn ’e polityk?

‘De robot wurdt earder dokter of advokaat, as kapper’, wie de kop yn it ekonomykatern fan it NRC. As lid fan Provinsjale Steaten, as folksfertsjintwurdiger, gjin baantsjesjeier, kostebewust en takomstrjochte, tinkst al gau oan robotisearring fan de folksfertsjintwurdiging.

‘De robot wurdt earder dokter of advokaat, as kapper’, wie de kop yn it ekonomykatern fan it NRC. De subtitel wie: ‘Robots stean heech op ’e aginda om’t se banen ynpikke soenen, mar wat kinne se better as minsken?’ In ynteressante blik yn ’e takomst.

As lid fan Provinsjale Steaten, as folksfertsjintwurdiger, gjin baantsjesjeier, kostebewust en takomstrjochte, tinkst al gau oan robotisearring fan de folksfertsjintwurdiging. Sa dreech soe it net wêze moatte: programmearrest begjinselferklearrings fan politike partijen, ferkiezingsprogramma’s, skerpest dat oan mei doelbewust kiezersûndersyk, en fergelykber mei in sykmasine rôlje der stânpunten en ûnderbouwings út op ûnderwerpen dy’t oan ’e oarder binne.

Om demokratisearring echt wurkje te litten, kenst in wearde ta oan de stânpunten, op grûn fan it tal útbrochte stimmen/mienings, yn stee fan ôfhinklik te wêzen fan de ferdieling fan sitten, koalysjefoarming, fraksjedissipline en ynterpretaasjes fan keazen folksfertsjintwurdigers. Nee, robots binne dêr gau klear mei. No noch net, mar wêrom net yn ’e takomst?

Boppedat...der binne tsjintwurdich mar inkele politisy yn har gedrach frij fan robotisearring. In sjoernalist hoecht mar in pear wurden te sizzen, as der rôlet út watst ferwachtsje kinst. En: sa besparrest in soad kosten en wurdt demokrasy mooglik wol mear demokrasy.

Mar, it debat dan? De ynteraksje? De tradysje, prosedueres, gewoanten, de politike kultuer? Folkloare, dat wol! Mar foar de inkele kear dat it politike toaniel ta oare ynsichten liedt, is de robot grif better te programmearjen as de measte folksfertsjintwurdigers.

De kâns dat kiezers harsels werom kenne yn harren robots is nei alle gedachten grutter as dat se yn it hjoeddeistige systeem harsels yn partijen en kandidaten werom kenne. De robot sil in tige krekte werjefte presintearje fan wat de kiezers fine en by feroaring fan stânpunt hoege de kiezers net te wachtsjen oant de folgjende ferkiezings. Se kinne nei behoefte en nei ûnderwerp ynput leverje en elke diskusje oer referinda is  akút oerstallich. Ik kin noch wol beswieren sykje en betinke hokker beswieren politike partijen hjir tsjin ynbringe kinne.

Sykjend nei ‘wiere demokrasy’ bin ik benijd nei de earste tapassing fan robotika yn ’e folksfertsjintwurdiging.

Jan Waterlander,

fractievoorzitter 50PLUS Fryslân