Oer polityk sprutsen

As ik witte wol hoe’t minsken oer politike fraachstikken tinke, kin ik better net oer polityk begjinne...

Ik praat fansels mei in soad potinsjele kiezers. Minsken dy’t op 50PLUS stimme, minsken dy’t op oare partijen stimme, en minsken dy’t net stimme.

De groep âlderen wurdt hieltyd grutter. Der binne doarpen en wiken dêr’t al de helte fan ’e befolking âlder is as fyftich jier. Dy minsken stimme (noch?) net allegearre op 50PLUS. Oare politike partijen begjinne har dêrfan bewust te wurden. As 50PLUS Fryslân kinne wy dêryn in wichtige rol ferfolje troch de politike fraachstikken út it perspektyf fan âlderen fan no en fan letter wei te besjen. Dan is it wichtich dat ik wit wat der libbet by de âlderein en wat it byld is dat de jongerein hat oer de leefomstannichheden dy’t der binne as sy sels skielk âlder binne.

It falt my op dat, ast dan oer polityk begjinst (of allinnich al seist datst Steatelid bist foar 50PLUS) it meastal giet oer it byld dat minsken ha fan ‘de polityk’. Dêrút docht bliken dat minsken polityk gauris beskôgje as ‘wat dat fier fuort stiet’, ‘wat dat net oer harren giet’, ‘se dogge dochs wat se wolle en noait wat se tasizze’. En sa kin ik noch wol efkes trochgean.

As ik dus witte wol wat der ûnder kiezers libbet, kin ik better net oer ‘polityk’ begjinne, mar oer wat minsken dwaande hâldt. Sabeare tafallige petearen yn ’e buert, op strjitte, by jierdeis, by eveneminten, of by plande aktiviteiten, krije meastentiids in hiele oare betsjutting as it net oer polityk liket te gean, mar wilens wol oer ûnderwerpen en stânpunten dy’t ik my as politikus, fan hokfoar partij dan ek mar, oanlûke moatte soe.

Ik kies dus meastentiids net foar in polityk ynkleurjen, mar foar wat minsken dwaande hâldt. En dan stiet polityk (te) fier ôf fan ’e realiteit en stel ik fêst dat der in grut gat bestiet tusken hoe’t polityk is en wêze moatte soe. Hoe’t de echte wrâld derút sjocht en wat ‘de polityk’ dêrmei docht.

Der is noch in soad te dwaan!

Jan Waterlander, fractievoorzitter 50PLUS Fryslân