It perspektyf fan 50PLUS Fryslân

Ek al wurdt it gauris oars suggerearre: polityk is in middel en gjin doel! Wêr’t sprake is fan in ôfnimmende belutsenens by ‘de polityk’, ha minsken dúdlike mienings oer wat se goed fine en wat net. Untwikkelings yn ’e mienskip lykje oan ‘de polityk’ foarby te gean. Gefolgen dêrfan binne sichtber yn in ôfnimmend tal leden fan politike partijen en de opkomstpersintaazjes by ferkiezings. It liket derop dat ‘de polityk’ net by steat is maatskiplike feroarings by te hâlden of dêrop foarút te rinnen.

Nim no de demografyske ûntjouwing. Wat dogge wy feitlik oan ’e gefolgen fan de sterk feroarjende leeftydsopbou yn Nederlân? Wat dogge wy oan nije tsjinstellings, enerzjyfraachstikken, earmoede en ûnfeiligens? Sykje wy nei âlde oplossings foar nije problemen of gripe wy echt yn yn hoe’t it der om en ta giet yn ’e mienskip?

As lytse fraksje yn Provinsjale Steaten fan Fryslân bin ik mar ien fan ’e spilers. Yn myn ientsje kin ik de wrâld net ferbetterje, mar dochs…

Troch ús 50PLUS-bril besjoen komt yn ús wurkjen in tal saken hieltyd werom. Wy ha fernommen dat der in bepaalde gearhing sit yn wat wy út namme fan ús kiezers nei foaren bringe wolle: Alderein fan no en fan ’e takomst foarmje de kontekst; Wy kieze foar lytsskaligens; Wat wy nei foaren bringe moat werkenber wêze; Wy wolle ferbine tusken partijen en yn tiid; Feroarjen begjint by mieningsfoarming; Ferhalen diele, wurket; Polityk giet oer ‘it libben’; Belibbing en werkenberens binne liedend; Biografyske aspekten stjoere opfettings fan minsken; Wy kieze foar de minsklike maat.

As wy fernije wolle, dan sykje wy nei nije oplossings foar nije problemen.

En wat net?

As it giet om de âlderein fan no en fan ’e takomst ûntsteane in soad benearjende senario’s: keapkrêftferlies, gjin leeftydsbestindige wenten, ûnbetelbere AOW en pensjoenen, ûnfeiligens, iensumens, beheining soarchfoarsjennings, wurkleazens ûnder âlderen, min te berikken foarsjennings, ensafuorthinne.

Wy wolle kiezers net oerhelje op ús te stimmen troch se benaud te meitsjen foar wat komme sil. Wy kieze foar perspektyf en oplossings en binne der wis fan dat wy sa it ferskil meitsje kinne!

Jan Waterlander, Fraksjefoarsitter 50PLUS Fryslân